Old Shatterhand

Old Shatterhand
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Scharlee ~ Karl (Karl May)
bynamme Old Shatterhand
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Dútsk
Amerikaansk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Winnetou,
Kara ben Nemsi
attributen Bärentöter (gewear)
Henrystutzen (gewear)
Hatatitla (hynder)
geastlike heit Karl May
ûntstean 1880
Old Shatterhand (rjochts) op de klassike boekomslach fan de earste druk (1893) fan Winnetou I o/m III

Old Shatterhand (Ingelsk foar "Ald Ferbrizelhân"; Amerikaansk-Ingelske útspr.: [oʊld 'ʃædəɹhænd], likernôch: "oold sjed-derhênd") is in fiktyf personaazje yn 'e ferneamde westernromans fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). Hy is in Dútske ymmigrant yn 'e Feriene Steaten en it alter ego fan May sels, dy't yn it Wylde Westen in duorjende freonskip slút mei de Yndiaanske lieder Winnetou.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy